Wa’t it hurdste ropt hat gelyk

Us heit komt út in gesin mei allinne mar bruorren. Dizze bruorren ha allegearre in eigen miening en dy mieningen ferskille noch al fan elkoar. As ús heit jierdei is komme de bruorren op jierdeibesite en dan giet it somtiden mâl. Want, wa’t it hurdste ropt hat gelyk. Tenminsten, sa liket it wol. It folume giet geandewei de jûn hieltyd mear omheech. As lyts famke skrok ik dêr wekker fan as ik jûns op bêd lei. Ik tocht dan dat se rúzje hiene mar dat wie net sa. It is gewoan harren wize fan diskusearjen.

Myn eigen broers diene jûns oan de itenstafel itselde. Sy wiene it faak net iens mar yn plak fan nei elkoar te lústerjen herhellen se hieltyd lûder harren eigen stânpunt.
Us mem prebearre it noch wolris wat del te bêdzjen mei ‘troch lûder te praten wurdt it net mear wier…’ Mar echt helpe die dat net.

En no ha ik sels trije jonkjes en dy dogge it ek. Om it lûdst roppe om oandacht fan (foaral) mem.
Is dit no testosteron of in famyljetrekje, of allebeide….?