LIET FAN FERWÛNE LEAFDE, IT PAAD WEROM

‘Ferwûne leafde, it paad werom’
Ferhaal fan Baukje Fennema, teater ITHAKA.

17 oktober 1950
Ûnferwachts ûntnaem it wrede needlot my myn ynleave man Pieter Fennema
Fan itselde needlot delslein rêst hjir neist syn heit ús leave pleechsoan Herman

De persoanen dy’t yn it ferhaal foarkomme:

Oer-pake en beppe:
GOAITSKE & TJALLING FOKKEMA
^ ^ ^
Soan: Soan: Soan:
DIMER F PIER F. & REINTSJE SJIRK F.
^ ^ ^
Soanen: Pleechsoan Dochter
TJALLING F & WIBREN F. HERBERT F. KLASKE F.
^
TYNKE F.
DIMER F.
BRECHT F.

Ik, Brecht, sjoch oer de mar en bin der wis fan: ik wol heit freegje nei omke Pier. Yn ‘e midden in sirkel fan widzjend wetter as seit er: ‘Kom, hjir moast wêze….’ Sûnder wifeling swim ik der hinne en dêr jou ik my oer. Lit my mei nimme nei ûnderen, djipper en djipper, der fêst fan oertsjûge dat ik heit fine sil. As myn fuotten de boaiem fan de mar reitsje, fiel ik hoe’t ik troch de sânlaach hinne sûgd wurd. It dúzelet my leaflik, as myn fuotten de koele stien reitsje fan de binnenstêd fan ‘e ierde. It wetter streamt my fan myn lea en dan stean ik yn in swak ferljocht doalhof fan paden. Rinne mar….
Al gau ferskynt de swarte panter neist my. It earste wat ik fan him gewaarwurd is syn skaad. Hy rekket my oan mei syn wiete noas, as in waarme begroeting. Sa fertrouwd rint hy mei my mei.
Dan wurd ik in swak ljocht gewaar. Dêr moat it wêze. De panter jout him del by it iepen gat yn ‘e stiennen wand, as wit hy dat wy ús doel berikt hawwe.
Foarsichtich gean ik de bocht om, de skimer efter my littend. As myn eagen oan it ljocht wend binne, sjoch ik dat ik yn in stiennen keamer stean. En dêr stiet heit. In moaie jongfeint yn in wite broek en oerstrûper. Smetleas. De mouwen fan it boesgroentsje oprôle oant boppe de earmtakken, krekt as eartiids. Mei de earmen oerinoar stiet er rêstich nei my te sjen, laket en seit: ‘Kom, wiest dêr famke.’ Ik knik en parsje de lippen op elkoar. No al gûle….nee, noch efkes wachtsje…..de sfear net bedjerre no…
Ik sjoch noch ris om my hinne. De koele keamer yn ‘e grot is leech, op in stiennen tafel en stoel nei. Ik rin nei de tafel en lit myn hân it kâlde meubel befiele. Sjoch dan it kûltsje midden yn it tafelblêd. ‘Wêr is dat foar, heit?’, freegje ik. Hij glimket: ‘Dat is foar dyn triennen.’
‘Do woest it hawwe oer omke Pier en syn Herbert, begryp ik.’ Ik sjoch him ferheard oan en begjin dan te gnizen. Fansels, heit wit it allang….hy is ommers altyd by ús…. Heit giet sitten op de ienichste stoel dy’t de romte ryk is. Makket in gebaar wêrtroch ik op de tafel sitten gean. ‘Wat wolst witte? Foar de tried der mei!’
‘Ik wol graach mear witte fan it ûngemak fan omke Pier en Herbert’.
Heit syn gesicht belûkt as hy seit: ‘Herbert siet achter it stjoer en omke Pier siet neist him foaryn. Efteryn trije keaplju, dy’t dy deis mei ride soenen nei de hynstemerk fan Súdlaren. Se binne op de weromreis by Hurdegaryp tsjin in beam oan riden.’
Efkes is heit stil.
‘De beam stie midden yn ‘e auto. Herbert wie op slach dea….fyndrukt troch it stjoer dat him temjitte kaem. Omke Pier is mei de holle tsjin it rút oan klapt. Hat nog efkes libbe, mar op wei nei it sikehûs is hij stoarn.’
En de mannen efteryn de auto, heit?
‘Ien fan harren stoar letter yn it sikehûs…..de twa oaren wienen swier ferwûne, mar hawwe it libben derôf rêden.’
‘Mar wat is der einliks bard’, freegje ik.
‘Dat witte wy net, leave….dat witte wy net.’ Heit fielt him ûngemaklik, ik sjoch it. ‘It is noch altyd in mystearje.’
‘Mar heit, de mannen dy’t it der libbend fan ôfbrocht hawwe….sy hawwe letter dochs wol ferteld hoe’t it gien is?’
‘Nee, famke, se hawwe neat sizze wollen…of miskien koenen se it harren troch de klap net meer heuge…..ik wit it wier net…’

Ynienen komt de swarte panter, dy’t as in trouwe hûn bij de yngong lei, de keamer yn strûzen. Heit skrikt, giet al oerein om him fuort te jeien. Ik begryp it…..hy hie altyd al sa’n hekel oan hûnen en katten, ommers! ‘Dizze grutte swarte kat heart by my, heit’, siz ik gnyskjend. Moat laitsje, om’t it sa oandwaanlik is myn heit sa kwetsber te sjen.
De panter springt op ‘e stiennen tafel en jout him waarm del achter myn rêch. En leit dêrby syn machtige kop neist my op de hurde stien. Wiete noas tsjin myn lofter hân. As trúnt er mij oan om fierder te freegjen. Net ophâlde no…..it is tiid…tiid om it geheim te ûnsiferjen.Tiid om it swijen te ferbrekken.

‘Ik hold fan omke Pier. Mear as fan myn eigen heit. Sa oars ek, dy beide bruorren. De iene hurd en rûnút kâld, de oare sosjaal, in man mei it hert op it goede plak.
Omke Pier wie in joviaal man mei in protte oansjen. Wie foarsitter fan hiel wat ferienings yn it doarp. Hij wie hynstekeapman en de minsken seagen by him op. My wol ris wat te folle, mar hawar….
Hy wie ek in echte sprekker. De minsken hongen oan syn lippen. Wie it feest, dan naam hy it wurd. En wie der wat slims bard, dan fregen se him om wurden fan treast. Dan wie elkenien stil. Syn wurden hienen djipte en en joegen rêst. Alle minsken, ryk en earm, koenen harren der yn fine.
Dierbere oantinkens haw ik oan him fan de tiid dat ik noch jong wie. Mei omke Pier nei ‘t Amelân, yn syn auto. En dan in nacht yn in hotel, om’t er dêr saken die…machtich mooi. Hij wie in echte hynsteman….myn leafde foar hynders haw ik oan him te danken. In passie dy’t wy dielden. Ja, dat wienen mooie tiden.
Wij wennen neist elkoar op ‘e pleats. Wy, heit, mem, Wibren en ik rjochts, omke Pier en muoike Reintsje links. En as myn heit wer ris klear stie mei de stôk, stode ik de trep op en ferdwûn op ‘e oerloop troch de doar, dy’t beide wenhuzen mei inoar ferbûn. En dan fertelde ik snotterjend wat der no wer bard wie. Omke Pier syn delbêdzjende stim makke my rêstich en fan mouike Reintsje krige ik in koekje….
Mar doe’t se Herbert oannamen, bestie ik ynienen net mear. Sa haw ik dat field. Ik koe net mear bij harren terjochte….
Herbert groeide op mei syn moaie klean en syn djoere boartesguod. Ik wie oergeunstich, ik wit it, mar ik mocht him net. Hoe âlder hij waard, hoe dudeliker syn efterbakse karakter nei foaren kaam. Mar wát Herbert ek úthelle, se holden him altyd de hân boppe de holle!
Popie-jopie yn it doarp, stikem jild pikke fan syn heit en mem en dan rûntsjes jaan yn it kafee….mar meiwurkje op de buorkerij, ho mar. Der moast wurke wurde….sa nei de oarloch moast de boel wel op ‘e streek! De twa bruorren, Dimer en Pier, sieten yn ‘e kowe- en hynstehandel en de beide soannen soenen tegearre buorkje….dát wie de ôfspraak. Mar ík koe it wurk dwaan, Herbert stiek somtiden gjin poat út.
Nee, Herbert wie foar de pronk. It hate dat oannommen jonkje, dat troch Pier en Reintsje yn ‘e groun bedoarn waard. Ik mocht him net lije as wie it noch sa. Hy hie se bot efter de earmtakken en Pier en Reintsje woenen der gjin wurd oer heare. Wat my oanbelanget wie hy ek net in echte Fokkema…hy hat der nea écht by heart…’
Stil en suver sûnder syk te heljen, lústerje ik nei heit. Hjir, oan ‘e oare kant fan it bestean, wêr’t hy in nij libben fûn hat, sit heit op ‘e praatstoel. Moai is dat. En sa helder, sa dudelik, sa sûnder omballingen…..wat bin ik bliid dat ik hjir bin.
‘Wat hat de dea fan omke Pier en Herbert mei heit dien?’
Heit skoddet de holle. ‘Dat Herbert der net mear wie, wie foar my in útkomst, mar omke Pier…..dat wie in oar ferhaal. Ik haw noch lang boas op him west, om’t hy my yn ‘e steek litten hie, mar by it ferstriken fan de tiid, fielde ik mear en mear it gemis. Woe der al gau net mear by stil stean….dat hat ommers gjin inkele sin…’
‘Mar heit, oer de oarsaak fan it ûngelok, wat is der neffens heit bard?’
‘Ik tink dat Herbert te hurd riden hat en de macht oer it stjoer kwyt rekke is. It wie ek sa’n showmantsje: Sjoch ris hoe goed as ik ride kin…’
Ik sjoch heit mei glêzige eagen oan. En krij it te krap. Der begjint my wat te daagjen, de earste puzzelstikjes lizze op tafel. Fersteurde relaasje tusken myn heit Dimer en syn omke Pier….wat moat heit in pine hân hawwe. De omke dy’t sa folle foar him betsjutte, liet him yn ‘e steek, doe’t Herbert kaam. Syn heit dy’t te faak om him hinne sloech mei de stôk, hat him ek gjin goed dien. En dan is der ek noch de oarloch, dy’t him alle fertrouwen yn ‘e minsken ûntnommen hat. Dêrom hat heit him sa ôfsluten….is hy sa hurd wurden. Dêrom wist hy by God net, hoe’t er heit wêze moast en wienen wy en foaral myn suster en myn broer it bokje…. Hy koe net mear leafhawwe….omdat dat té sear die?
Ynienen begryp ik ek wat fan Herbert. Gjin echte Fokkema wêze, earst troch syn âlden fuortjûn en dan der by de Fokkema’s ek net bij hearre, skoudere wurde troch Tjalling en syn jonge frou….wat moat hý ek iensum west hawwe!

Us stilte wurd ferbrutsen, de swarte panter jout lûd. It bist, dat waarm tsjin my oan leit, skoot in stikje fan my ôf. De romte tusken him en my sûgt in oanboazjende, waarme wyn oan. De hûd fan myn rêch iepenet syn poarjes….in sacht rûzjen krijt frijspul en nimt besit fan myn lea. Ik slút myn eagen en ûndergean it, jou my oer. En dan is der efkes hielendal neat……
As myn eagen wer iepen gean, fernim ik dat heit my ferheart oansjocht. Syn eagen wurde greater as hy seit: ‘Klaske, bisto dêr?!’ ‘Ja, Taetse, ik bin it, dyn nicht Klaske’. Myn stim is feroare, de lichte trilling en it hege lûd ferriedt dat ík it nét bin! Mar myn mûle beweegt as Klaske har wurden rôlje:

KLASKE:
‘Ja Tjalling…mooi dat wy inoar wer ris sprekke. Ik wit it noch goed. Reintsje hie de kisten mei dêryn Pier en Herbert, yn it sydkeamerke stean. De skodoarren iepen en fanút de keamer koenen jo sjen, hoefolle blommen der brocht wienen.
It is krekt sa asto it sein hast, Tjalling: Pier wie in wiere persoanlikheid yn it doarp. Hy wie de man, dy’t ien fan de earste auto’s hie, yn dy tiid. Hy wie ek de man dy’t it inisjatyf naam om ien kear yn ‘t jier de âlden fan dagen rûn te riden. De minsken dy’t de doar hast net mear út kamen, wurden traktearre op in dei mei de auto der op út. En as se jûns werom kamen, rûn it hiele doarp út. By boer Landstra stie it korps al klear om harren yn te heljen. As wienen se op skoalreiske west, brocht de muzyk de rige auto’s nei it skoalleplein. En dêr die omke Pier dan noch in lyts wurdsje en gie eltstenien bliid nei hûs.
Hy hie it talint om minsken foar him yn te nimmen. Yn ‘e oarloch bygelyks, wie hy tige tûk….wist dat noch Tjalling? Elkenien skoudere mâle Douwe, mar Pier die dat net. Hy hold kontakt mei dizze NSB-er en ik bin der wis fan, dat der dêrom by jimme op ‘e stjelp mar ien keer in razzia west hat. Wylst elkenien wol witte koe, dat der in protte ûnderdûkers by de Fokkema’s omsloegen…
Toen Pier en Reintsje lytse Herbert adoptearden, libbe it hiele doarp mei. Elts wist fan harren fertriet om’t se gjin bern krije koenen.
Doe’t Herbert opgroeide waard ek hý populêr yn it doarp, krekt as syn heit. Mar wol op in hiele oare manier. Hy koe oan alle fingers wol 10 freondinnen krije. In échte feestgonger wie it……in bon vivant. Hy makke muzyk en joech rûntsjes yn it kafee, wylst de Fokkema’s no krekt lid fan ‘e Blauwe Knoop wienen. Dat stiek wol!
Wat hat dy jonge wol net útfretten! Ekstra kaaien fan de auto bymeitsje litte en dan nachts mei syn freondinne nei Grins ta ride, stikem… Jild stelle: as de beide bruorren handel dien hienen op ‘e Ljouwter merk, ûntbrutsen der faak wat flappen. Se hawwe in keer jild fûn yn in holle beam, yn it hofke by de pleats. Mar Herbert koe it fansels net dien hawwe, fûnen Pier en Reintsje. Nee, harren jonkje wie skjin op ‘e hûd. Ungelyk wat hy die. De leafde makket blyn, seit men dan en dêr is wier wol wat fan oan….
Herbert paste hjir net, kaam dúdelik út in oare kultuer. Hij wie krekt as de Fokkema’s muzikaal, mar hy hold net fan de muzyk dy’t de famylje wend wie te spyljen. Sý songen út it Fryske lieteboek. Mar Herbert spile dûnsmuzyk. Sûnder mar íen noat lêze te kinnen, spile hy Frânske deuntsjes op syn akkordeon. Ek spile hy piano yn stee fan oargel. Der streamde in oar soarte fan bloed troch syn ieren.
It deadlik ûngemak….tsja….ik tink dat Herbert te folle dronken hie. Wylst Pier, syn heit, op de Súdlaarder merk syn handel die, siet Herbert yn it kafee…wat ik dy brom! Ik haw wolris tocht: Hat myn omke dat dan net yn ‘e gaten hân? Hy koe fêst rûke dat Herbert dronken hie…….dan hie hij him dochs ferbean efter it stjoer te krûpen?
Of wienen de koppen doe al sa gleon, dat Pier him syn sin mar joech? Om in sêne foar te kommen? It wie wól yn dy tiid, dat Herman sa lulk op Pier en Reintsje wie, omdat hy de nammen fan syn biologyske âlders net witte mocht. Se hawwe bot spul hawn…leau dat mar!
Herbert syn echte namme wie Herbert de la Porte. Faaks tochten wy dat hy fan in Frânske diplomaat wie. Miskien wie hy in oerwûn bern út in rike famylje? Wie it dêrom dat Pier en Reintsje de nammen fan syn âlden net sizze mochten? Wie der earne op ‘e wrâld in ferneamd man, dy’t him in bastertsoan net permittearje koe? Moasten Reintsje en Pier dêrom swije?
Ik dwaal ôf, Tjalling, werom nei it ûngemak…..
‘Hast dronken jonge?’, sil omke Pier frege hawwe. Herbert hat doe fêst skodholle. Miskien hie hy dy blik wol wer yn ‘e eagen….as fan it ferwûne bist, dat alle mominten úthelje kin…. En dus hat Pier him de autokaaien mar jûn, foar de leave frede? Wa sil it sizze…
Do wist ek wol Tjalling, dat myn heit, Sjirk, syn eigen broer noch identifisearje moast. Pier syn holle is tsjin it rút oan klapt en wie dêrom net te werkennen. In inkelplak oan de iene foet joech útslútsel. ‘Doch de kiste mar ticht’, hat myn heit doe sein.
Ik sjoch de wite koets noch nei it tsjerkhôf riden. Twa prachtige swarte Fryske hynders lutsen de koets en de karre mei de twa kisten derop. De hynsten wienen ûnrêstich, as wisten se fan de grutte klap dy’t de dea fan Pier en Herbert foar it doarp hie.
It seach swart fan ‘e minken op ‘e buorren. De fotografen stienen boppe yn ‘e daksgoaten fan bakker Klazinga. De âlden fan dagen, hoe krykkrakkich se ek wienen, hienen harren hiem ferlitten en stienen, faaks mei stipe fan famylje, om it tsjerkhôf hinne. Om harren de lêste ear te bewizen. Doe’t de kisten foarby kamen, dienen de mannen harren petten ôf. It wie as bûgjen. Ik krij der noch altyd pikefel fan, Tjalling…’

Ynienen krûpt de swarte panter my wer oan. Syn sachte hûd bringt my werom. Ik bin ik wer en heit sit noch altyd op de stiennen stoel. In bytsje dwilerich sjoch ik him oan: ‘It wie as waard der in nije hûd om mij hinne strûpt, heit. Frjemd…..’
Heit laket: ‘Silst noch opsjen, famke, wat hjir allegearre mooglik is…der komt hast gjin ein oan!’
Op ‘e nij skôget it grutte swarte bist om my hinne. Deselde sensaasje as niis krekt. Ek nó feroaret myn stim, sachter no….. en myn hannen breidzje foar ik der erch yn haw. Ik fiel it briltsje op ‘e noas, wylst it der net is. Myn eagen geane in stân tebek, reitsje mear yn mysels. En dan hear ik muoike Reintsje praten…..

REINTSJE:
‘Tjalling jonge, dyn wrok en gefoel fan ûnrjocht….wurdt it net tiid datsto it los litst? Do moast begripe: twa keer in miskream, wylst Pier en ik sá graach bern hawwe woenen. En dan ús lytse poppe Jelle ferlieze, noch mar twa dagen âld. Us hert briek, doe’t wy him te hôf bringe moasten. By beppe Goaitske yn itselde grêf joech mar sa’n lyts bytsje treast…
Syn kleantsjes wurden daliks nei de begraffenis troch de neiste famylje opromme. As soe dat ús leed fersêftsje. As soenen wy him dan earder ferjitte kinne. Ja, it moast sa gau moogelik ûnder it flierkleed…..sa wienen de Fokkema’s.
En doe de adopsje fan Herbert. Ynienen in pjutterke, krûpend oer de flier. Begrypst dan net wat dat foar ús betsjutte? Hoe’t it jonkje mei syn brune eagen ús oansjen koe….ús herten raanden. Hy wie mear as wolkom!
Mar do hast ek gelyk, Tjalling. Herbert hie in swarte kânt…dat wísten wy al hiel betiid. Faak genôch kaam er fan skoalle thús mei boartersguod dat sines net wie. As it sa troch gongen wie, wie it net goed kommen met him, dat kin ik no wol sjen. We holden ús altyd al de lea wurch. En ik bin der fan oertsjûge: hy wie letter yn syn libben grif ûntspoard! Syn dea wie miskien wol in seine….frjemd dat ik dat nou sis…. Ik koe dat 10 jier letter pas begripe, doe’t de pine fan it ferlies him wat deljoech.
En dasto sa lije moast, Tjalling, om’t wy der net mear foar dy wienen, it spyt my duvels! Wy sieten fêst, wy hienen it oersjoch net mear. Wy tochten wier dat wy it goed dienen, troch him leauwe te litten, dat hy ús eigen fleis en bloed wie. Wy hienen der net op rekkene, dat hy faker yn it doarp oansprutsen wurde soe op syn adopsje. As de itensbonnen yn ‘e oarloch kamen, holden we dy foar him achter, om’t dêr syn wiere namme op stie. We tochten dat dat it bêste foar him wie!
Mar doe op in dei….ik leau hy wie 14 jier âld. Al in tiid balstjurrich en dwers, easke hy de wierheid op: wie hy in Fokkema of net? En doe koenen wy net oars, as him oer ús langsme nei in berntsje te fertellen. En oer de miskreamen, lytse Jelle, it fertriet…..oer it weeshûs en hoe bliid as wy mei him wienen.
Mar hy woe net harkje. Hy raasde it út. Dat wy him bedondere hienen en dat er ús dat nea ferjaan soe. En doe easke hy nóch wat: dat wy him de nammen fan syn âlden jaan soenen. Hý hie it rjocht om te witten wa’t syn heit en mem wienen. Mar ek: wêrom ‘t se him fuortjûn hienen, dát woe hy witte! It skom stie him op ‘e mûle, barste út syn foegen fan lilkens!
Mar wy koenen him de nammen net jaan! As wy dat dienen, wienen wy ferlen. Dan wienen wy him kwyt, wis en werachtich! Dat koe myn memmehert net ferdrage, Tjalling!
It wie 17 oktober 1950. De mannen wienen ôfset nei Súdlaren. Ein fan ‘e middei…hea…..dêr komt de dokter it hiem op riden. Hy seit dat hy wat fertelle moat en dat kin net steand by de doar. Ik jou him in stoel. ‘Gean efkes sitten, frou Fokkema’. Myn hert slacht achtentachtig as ik doch wat hy seit. Wylst syn stim oerslacht, seit hy: ‘Jo soan is stoarn. Se hawwe in slim ûngemak hân yn Hurdegaryp. Jo man libbet noch. Hy is no op wei nei it sikehûs.’ De dokter koe net witte dat syn twadde gong nei de stjelp nóch swierder wêze soe. Doe’t hy sei dat ek myn leave Pier der net mear wie, sei ik oan ien tried troch: “Mar dat kín net, dokter, dat kín net….’
De nachten, Tjalling, wienen it slimst. Ik koe se hearre, myn twa mannen. Wat hat it lang duorre foar’t se de wei nei it ljocht fûnen! Alle nachten hearde ik suchtsjen, it ljocht knippere faker as ien kear. Ik doarde de eagen net ticht te dwaan, want ek yn myn dreamen sochten se my.
En dêr hie ik net op rekkene….doe’t ik achter myn swarte wale yn ‘e wite koets, de twa kisten efter ús op ‘e karre, troch it doarp ried. Nee, hoe koe ik witte, dat myn fertriet har ferdûbele mei hárren pine. En ik koe dêr dochs net oer prate!? De minsken soenen sizze dat ik gek wurden wie!
Ik wit hoe’st oer mij tinkst, Tjalling……dy muoike Reintsje is typelsinnich en sa kâld as iis. Ja, ik bin altyd in apart minske west, mar dat ferdomde ôfsluten fan my….ik koe net oars. Sa faak haw ik winske om nea mear te fielen. De leafde kin ferskriklik wêze. Miskien holden wy té folle fan ús Herbert. Miskien hienen wy better witte kinnen…..dyn heit wie as jonkje ek sa bedoarn……dat hat syn karakter ék net goed dien. We koenen Herbert net oan, want de leafde wie te grut.
En it ûngelok? Lit de minsken mar prate, mar ik tink dat Herbert efter it stjoer yn ‘e sliep fallen is. Pier siet neist him, foaryn, de holle nei efteren draaid foar it petear mei de efterynse lifters. Hja hawwe de crash tink ik net iens oankommen sjoen. En dêr bin ik bliid om.’

De swarte panter skoddet syn kop, ik wurd gewaar hoe’t myn breidzjen ferdizenet. Sjoch dan nei heit, it moed sjit him fol. Eartiids seagen wy dat sporadysk: it barde net faak, dat hy him kwetsber toande.
‘Wol heit dat ik fuort gean? Is it sa genôch?’
Heit set de holle wer op ‘e romp en seit: ‘Nee, famke, no moatte wy trochsette. Lit Dimer mar komme.’
En Dimer ferskynt, troch my…….yn syn mooie brune eagen, dy’t er fan syn heit urven hat, die iepen blik. As fan it jonkje fan eartiids.

DIMER:
‘Wat in ferrassing, heit….dat wy inoar hjir wer treffe. Men hie my fertelt dat it mooglik wie, mar hie der net op rekkene! Heit sjocht der goed út. Mooi is dat.
Neffens de krante fan 18 oktober 1950 is de auto bij kafee ‘Wind’ op ûnferklearbere wize in flauwe bocht útflein. No heit, ik bin der krekt noch west, mar fan in bocht is einliks gjin sprake. En der wienen gjin remspoaren…hja binne mei folle gong op dy beam knald.
It ferhaal hat my allegedueren bij de strôt hân. It yntrigearret my. Heit wit, ik bin in automan en bin altyd al ynteresearre yn de oarsaken fan ûngefallen. Yn ‘e krante stie dat de stjoerynrjochting wierskynlik defekt wie, mar dêr is gjin bewiis fan. Ik tink wol ris: miskien wie der rûzje yn ‘e auto. Omdat Herbert te hurd ried nei omke syn sin. Krityk op syn manier fan riden. Dat omke Pier sei: ‘Net te ticht by de kant, Herbert!’ Of: ‘Net sa hurd, jonge.’ Wa wit hat omke oan it stjoer lutsen, om’t hy tocht dat it mis gean soe.
Of….wat ek noch kin: miskien hat omke Pier yn panyk oan de hânrem lutsen! Dan blokkearret de efteras en rekkest út ‘e koers! De eftertsjillen rôlje dan net mear en de kont van de auto draait dan fuort, giet jo foarby! Merakels hurd skoot de auto dan troch en as bestjoerder hast dan neat mear yn te bringen!
Ik tink dat hja sa frontaal op dy beam klapt binne. Omke Pier waard lansearre, want der wienen yn die tiid ommers gjin mulriemen. En Herbert krige it sjoer yn ‘e mage. It motorblok wie troch de beam midden yn ‘e auto trean. Sels in Chevrolet fan in jier âld moat dan belies jaan. Mar…….dan moatte hja wól bliksemse hurd riden hawwe, betink ik no….
Wat freget heit? Wat ik fan Herbert fyn? Hm….ik haw him net kinnen, mar der binne wol in pear oerienkomsten mei him. Wy spilen beide piano. En wy wienen beide lilk op ús heiten….fielden ús net goed behannele. Ik bin mar earlik, heit! O wachtsje…ik haw ommers noch altyd dat taffeltsje, wêr’t Herbert mei in mes syn inisjalen yn krast hie: ‘H F’. It taffeltje mei 3 draaide poaten en ien fjouwerkante. Ik haw der faak oan sitten te learen. Haha…ik koe der net iens mei de knibbels ûnder, sa leech wie it ding. Mar ik fûn it suver in moai earbetoan oan him. Sa wie hy dochs noch by ús: ‘Herbert was here.’
Ik wit noch, dat guon minsken suggerearje dat it in selsmoardaksje fan Herbert west hat. Dat makket my lilk. Ik haw ek wol ris sa swier sitten dat ik alle beammen oan ‘e kant fan de dyk as potinsjele ferlossers fan myn ellinde seach. Mar it stjoer omgoaie en it dwáan: dat dógge jo gewoan net. Wat dogge jo de efterbliuwers dan oan….dêr moatte je dochs oer neitinke? Ik kin net leauwe dat Herbert dat dien hat. En dan noch dit: As jo út it libben stappe wolle is ien ding, mar dêr jo eigen heit en trije ûnskuldige minsken yn meinimme: nee, dat wegerje ik te leauwen!’

Heit ferskowt op syn stoel. Syn blik ferriet fernúvering. It smakket him wol, syn soan sa krêftich praten te hearen.
Dimer ferdwynt en ik sjoch, hoe’t heit syn stiennen stoel ferlit en in bytsje ûnrêstich troch de grotkeamer kuiert. Der komt him wat yn ‘t sin. ‘Ik haw wol ris praten heard oer in goede freon fan Herbert. Johannes…hite hy net sa? Hy suggerearre ek in mooglike selsmoard… mar it bliuwt ûnbegryplik. Herman seach yn myn eagen it libben as in poppekast!’
‘Mar heit,’ siz ik, wylst ik mei myn skouders rûntsjes draai, om op ‘e nij werom yn myn liif te kommen, ‘ Kin it ek wêze dat hy te folle yn it skaad fan syn eigen heit stie? Die hy dêrom mar of’t alles him neat skele koe? Waard der te min nei syn eigen talinten sjoen? Wie hij nea Herbert, mar altyd de soan fán…!?

‘Dat soe kinne, berntsje. Oergeunst hat him parten spile, wa wit. En it gefoel fan der net by te hearen. Troch syn âlden oan ‘e kant set en ek noch ris net bij ús heare. No’t ik dêr by stil stean, kin it ek noch sa wêze dat hy lêst fan trystens hie. Dan hawwe wij beide lijd, sûnder it fan elkoar te witten. Miskien wie hij wol manysk depressief. Wa sil it sizze? It soe wol ferklearje wêrom’t hy yn selskip altiid sa oerdwylsk wie….’
Ynienen hâldt heit op mei praten. It skaaien fan de panter makket dat hij op ‘e nij op ‘e stoel sitten giet. It prykjen fan myn hûd fertelt my dat myn suster del komt. ‘Tynke!’, seit heit sêft, ‘Ik wachte al op dy!’ No al oandien en nijsgjirrich sjocht hy har oan. Ik fiel dat it har in gefoel fan optillen jowt. Se triuwt har bril mei de wiisfinger lichtsjes better op ‘e noas en fertelt:

TYNKE:
‘Heit, ik wie olve moannen âld, doe’t omke Pier en Herbert stoaren. Mar wit heit noch, dat heit fertelde dat ik op in dei yn ‘e bernewein lei? Ik wie in poppe fan trije moannen en Kora de hûn lei der neist te slûgjen, yn it gers. As woe hy my beweitsje.
Ik gûlde, mar net ien dy’t kaam om my te treasten. Ynienen wie dêr omke Pier. Hy sjocht myn grutte fertriet en it begruttet him. Sûnder him te betinken hellet hy de rem fan de bernewein ôf en ried mei my de dyk op. Ik wie fuortendaliks stil.
Men soe tinke, dat omke de wei nei Frjentsjer nimme soe, mar hiel útsûnderlik, alhiel foar in man, sette hy koers nei it doarp. De minsken laken nei him om’t hy, nei it skynt, my sa grutsk troch de buorren ried. Doe kaam der in man op him ôf. Ék in Pier! De man fan wa’t elkenien wist, dat hy sa graach bern krije wollen hie, mar it lot hie oars beslist. De twa mannnen bûge harren oer de wein en sjogge nei myn lytse geve kopke. Triennen rinne harren oer de wangen….de lju dy’t der om hinne stienen, hawwe it sjoen.
Omke Pier haw ik net bewust meimakke, mar hy koe it foar my nea mear bedjerre! Foar heit en mem wie myn komst ûngemaklik, mar wat him oanbelange, wie ik wolkom. Sa fielde ik dat, doe’t ik it bernewein-ferhaal hearde.
En doe krige ik kanker. Untheistere rûn ik troch de sikehûskeamer. Wist net mear hoe’t ik it hie. Ynienen sjoch ik, boppe it wite gerdyn fan de wasktafel, twa rûne bollen fan waarm ljocht. In grutte en in lytse. Fuortendaliks foel my yn: dit binne omke Pier en Herbert. Se hawwe elkoar fûn en litte harren sjen. In setsje letter fiel ik in hân op myn skouder. Doe wie ik der wis fan: dit is omke Pier. Om my te fertellen dat ik net allinnich bin.
Doe’t jim yn it sikehûs kamen, haw ik frege om in foto fan omke Pier. Wit heit dat noch? Under it hiele sykteproses haw ik de foto by my hân. Sels as ik troch de scan moast, siet er yn ‘e bûse fan myn duster. Hy begeliede my.
Doe’t ik foar de twadde keer kanker krige, haw ik fuortendaliks omke Pier syn foto wer op ‘e kast delsetten. Mei in kerske der by. It giet no goed mei my, heit. Bin troch it dreechste stik hinne, tink ik. Meitsje gebrûk fan sawol de reguliere as de alternative genêskunde en dat liket syn wurk te dwaan. In ‘helende reis’ mei omke Pier as mentor.
Hwat der bard is mei dat ûngemak, ik wit it net. Immen sei in keer tsjin my, dat omke Pier fuort moast, om’t se him fan boppen rôpen. De oarloch wie nog mar in pear jier foarby en se hienen helpers nedich om de slachtoffers fan harren trauma’s ôf te helpen. Ek Herbert syn taak as spegel foar oaren wie ree. As it sa is, wit ik net. Mar foar my binne it treastende gedachten….
Soms haw ik der suver sin oan om omke wér te sjen. Dat liket my machtich moai. Haha, mar nog éfkes wachtsje graach…it libben hjir op ierde laket my wer oan.
Wat seit heit? Muoike Reintsje? Ja, ik fûn as lyts famke al, dat se in ûngemaklike frou wie. Hie ik myn pankoekje op en sei ik bliid: ‘Óp, muoike!’, dan snauwde se: ‘Ja sá hurd kin ik net bakke, hear!’ Poeh….no…dan wie ik wol fan ‘t sintrum! Mar hja wie ek yn ien keer alles kwyt! Man en soan, it is net te begripen hoe’t dat wêze moat. Ik wit noch dat ik in kear by har sliepe mocht. Mei syn twaen yn it grutte bêd fan har en omke Pier. It ljocht mocht net earder út, dan as hja hást yn sliep foel. As bern fûn ik dat frjemd. Fan heit en mem moest it ljocht altyd út, sadra ik ûnder de tekkens krûpt wie.
Suzanne, de freondinne fan Herbert hat noch lang kontakt holden mei muoike Reintsje. Mar doe’t hja sels in gesin krige, sei muoike dat it foar har net mear hoechde. Spitich dat hja har net yn har hert slute koe. Want miskien hie hja noch in protte wille hawn fan Suzanne har berntsjes. Dan hie se har dochs noch in bytsje beppe field! It sil wol té konfrontearend west hawwe. Ik kin my dat as mem hiel goed begripe.’
No giet it rap. Wylst heit har linich ferdizenjen sjocht en bliereagich by komt fan har wurden, makket Tynke plak foar heit syn jongste broer Wibren.

WIBREN:
‘Ik wit it noch goed, Tjalling: Us mem kaam nei my ta en sei: ‘Der is wat slims bard. Omke Pier en Herbert binne dea. Ik wie 16 jier en stie op myn fuotten te triljen. ‘Moarn binne twa fan ús buorlju der net mear,’ tocht ik as earste. ……. Nee, dat is net wier! Ik tocht: ‘Ferdomme, Herbert hat altyd sein ‘Ik wurd net âld’ en no ís it ek noch sa! Omke Pier en Herbert samar fuort. Hoe koe it!?
Ik wie graach bij Herbert yn ‘e buert al wie hij trije jier âlder as ik. As jonkjes mei syn beiden op it hynder: prachtich wie dat! En letter, doe’t wy âlder wienen, stienen wy sneintemiddeis faak byinoar op ‘e kamp, efter de pleats. Mei nóch mear jonges út it doarp. Krekt as se no in jeugdsoos hawwe yn in karavan. Us slap laitsje mei inoar, fiten úthelje, sigaretsjes roke, oer de planke boppe de sleat nei it stik lân efter ús slûpe en dan wite raapkes stelle. Sânraapkes neamden wy die. Hearlik! Twa strúnden it lân ôf en de rest stie op ‘e útkyk. Want dat mocht fansels net!
Herbert wie altyd fleurich. Hy wie ‘oars’. Hie in oar temperamint. Jo koenen merke dat hy net in Fries wie. Friezen binne rêstich, mar Herbert hie in folle flottere styl. Folle mear mei hannen en fuotten prate bygelyks! Hy pakte gauris syn akkordeon en begong te spyljen. Ut ‘e holle. Ik wist dat hy út Frankryk kaam. Dêr wenje allegear fan die libbene types, naam ik oan. En dat hy sa no en dan út ‘e bân sprong, koe ik hiel goed begripe. Seach der gjin kwea yn….
Ek mei omke Pier hie ik in goed kontakt. Ik wie wol grutsk op him. Luts my oan beide mannen wol in bytsje op, al seach ik ek wol dat Herbert de luie kânt neist wie en leaver feestfierde dan de hannen wapperje liet. De rûzjes om syn komôf….dêr haw ik net folle fan meikrigen. Mar ik wist it wól. As jo sa ticht neistinoar wenje, heare je wol ris wat.
Ik haw wol ris heard, Tjalling, dat hy ien fan in Roma-famylje wie. Miskien woe ús omke him de nammen fan syn âlden net jaan, om’t er him skamme. Stel je foar: in sigeunerbern yn de Fokkema-famylje! Wa wit wie der in Frânske jongfaem fan goede komôf, dy’t swier wie fan in sigeunerjonge. En dat hja fan har âlden it bern ôfstean moest en nei in weeshûs bringe….. Ach, jo fantasearje wol ris wat…
Mar ynienen wienen se der net mear. Foar dy hat it oars west, Tjalling, mar ik haw grynd as wat. Wie hielendal fan ‘e kaart. Us mem fûn dat ik net sa raar dwaan moast. In pear dagen nei it ûngemak sei hja dat ik mar gewoan te dûnsjen gean moast. Want it libben gong gewoan troch….. Mar hoe koe ik dat no dwaan? Hja wienen noch net iens begroeven! Ik tocht: wat kom ik út in kâlde famylje! Té kâld!
Letter hawwe wy it der hast net meer oer hân. Wylst ik omke Pier en Herbert bot miste. Ek muoike Reintsje praatte der einliks ek net oer. Net wêr’t ik by wie teminsten.Wat moat hja in pine hân hawwe. Yn ien klap widdo en en it ienichst bern ferlieze. Frjemd…..ik bin net iens nei de begraffenis west. ’Dat is neat foar bern,’ sei ús mem. Wylst ik al 16 jier wie.
Dat der opset yn it spul wie, haw ik faker heard. Dy freon fan Herbert wist der fan. Pier en Reintsje hienen trochskimerje litten dat hja it adres fan syn âlders wól hienen, mar it him net jaan woenen. Herman hie tsjin dy freon sein: ‘Ik sil se wol krije’. Mar ik hie nea tocht dat Herbert yn steat wie om…..…..
Miskyn wat fier socht, mar ik tink net dat dy freon it samar út ‘e tomme sûgde’.

¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬¬Heit en ik, wy stuitsje fan alle ynformaasje, mar it kin ús neat skele! Wat hjir bart is wichtich, tige wichtich. En frjemd: de swierte ferdwynt sêftsjes. As komt der in gloede hoeden oan ‘e hoarizon. ‘Noch ien keer, heit’, siz ik laitsjend. Want wy witte…..ien man ûntbrekt no noch: omke Pier. ‘Kom mar del, omke,’ hear ik heit flústerjend sizzen, wylst hij de hannen gear docht. En dan bringt de bekende waarmte my by myn omke Pier.

PIER:
‘Tjalling jonge, it spyt my donders… Ik haw nea beseft wat ik foar dy betsjutte, ferjou mij. De tekoartkomming fan mannich folwoeksene…. Hja begripe faaks net hoe wichtich hja binne foar de jongerein. Dat hja in foarbyld binne wêr’t bern harren oan spegelje.
Ik haw dy ferlitten en dat hie nea wêze moaten. Do hiest dat net fertsjinne. Ik hie dyn mentor wêze kinnen, sa’t ik no foar dyn âldste dochter bin. Hoe’st omgongst mei dyn leave jonge frou….do wiest faak net te brûken. Ik haw it sjoen en haw neat dien. Ik wie de ienichste fan wa asto noch wol ris wat oannimme woest….ik hie ferskil meitsje kinnen.
Mar ik sei neat….te drok mei myn eigen soargen, tink ik……en myn ferlet om in goed man foar it doarp te wêzen. Myn eigen neef hie my nedich, mar ik koe net sjen dat iksels ien fan de oarsaken wie fan syn bûtengewoanlike gedrach.
En wat Herbert oanbelanget: wy rekken yn in kramp, Reintsje en ik. Wat wienen wij bêste âlders, doe’t Herbert noch lyts wie. Mar doe’t hij âlder waard en ús mear en mear yn ‘e mûle hong, hienen wy gjin fet mear op him. It dúzele my, Tjalling….safolle dingen dy’t spilen:
Earst de eangst dat Herbert der achter komme soe dat hy net ús eigen fleis en bloed wie. De eangst dat hij syn âlden kinnen lere woe en ús dan ferlitte soe. Sa bang foar syn ûntspoaring. En spyt, dat wy him nea grinzen oanjûn hienen en dat hij mear en mear tocht dat de wrâld om hím draaide. Myn swakke plak wie Herbert…him koe ik neat wegerje. Troch ús langsme nei in bern, waar ik blyn. Hy hie it goed yn ‘e gaten: as hy lang genôch seurde, dan káem dy akkordeon der wol, dat nije pak of dat hynder wêr’t hy fereale op wie..…en ik sjoch noch hoe’t de swarte piano it hûs yn tild waard… Ja, eintsje beslút krige Herbert altyd syn sin. Der wie jild genôch ommers….
En ik koe net begripe, Tjalling….hoe’t ik foar in 100 koppige seal fol minsken sprekke koe en net myn eigen soan manearje koe. Ik waard troch it doarp op hannen droegen, dat brocht ferantwurdlikheid mei. Mar hoe kaam it dan, dat de minsken fergeaten siik te heljen as ik oan it fertellen wie, wylst myn Herbert gjin wurd mear fan mij oannimme woe?
De mage dy’t my omkearde, as hy wer oansketten út it kafee kaam, wylst wy hielûnthâlders wienen…. Mar ek de teloarstelling, doe’t Herbert witte liet, dat hij myn opfolger net wurde woe. Wjerstân, om ûnder eagen te sjen, dat hy einliks dêr de kapasiteit net iens foar hie. It koe net beroerder….
Ik skamme my, mar wêr koe ik myn ferhaal kwyt? Wy Fokkema’s litte nea it achterste fan ús tonge sjen. En boppedat: de smoarge wask bûten hingje, dat dienen wy net! Wy wienen te grutsk om ús swakte te toanen. Och, sa wie it yn dy tiid, sa flak nei de oarloch.
De rûzjes, altyd wer spul om syn biologyske âlden. Wy kóenen him syn komôf net fertelle! Hij hat my by de kladden hân, Tjalling. Doe’t wy yn ‘e auto sieten, op ‘e weromreis fan Súdlaren, begûn hy der wér oer. Wylst myn kollega’s achteryn sieten! Ik fersocht it ûnderwerp foar te kommen. Mar murk al gau, dat hy dizze diskusje oangong, krekt omdát de mannen der by wienen. Dat wie syn presje-middel!
Mar ik woe my net te skande sette litte! Ik besocht him del te bêdzjen, mar hy gong mar troch. Dat hy syn âlden moetsje woe en dat wy, Reintsje en ik, him dat net ûntnimme mochten. Dat it ús noch soer opbrekke soe, as wy net dienen wat hy sei! De mannen efteryn wienen al lang stil wurden en lústeren mei reade earen nei ús fûleindige petear. In frijlitten projektyl wie ús Herbert… it swit bruts my út.
De auto ried hurder en hurder. Syn gesicht sil ik nea wer ferjitte. Utdaagjend, wylst hij it gaspedaal hieltyd djipper yntrape. ‘No, krij ik de nammen? Ast it no net seist, meitsje ik dy hartstikke dea!’
Ik skodde myn holle, woe rêstich antwurdzje, mar boldere troch de auto hinne: ‘Herbert, yn ‘e goedichheid, ik haw yn alles tajûn, mar ferjou my……op dizze fraach kin ik gjin antwurd jaan…dat wist do!’ ‘Ek goed’, wienen syn lêste wurden en ta myn grutte skrik, sjoch ik hoe’t hy it stjoer omgoait en op dy iene beam ynried. De mannen efteryn balten it út, mar der wie al neat mear oan te dwaan.’

De swarte panter skoddet nog ien kear syn kop en springt fan ‘e tafel ôf. Wer in sachte wyn…. Werom van wa’t ik wie, lit ik my fan de stiennen tafel ôfglydzje, as fiel ik dat der wat barre sil. Wy skrikke, as de hûd fan it grutte bist slopper wurd en as kearsfet nei ûnderen dript. Ik sjoch eangstich nei heit, mar hy laket: ‘Hjir kin alles, hie ik it net sein?’ De swarte facht glidet fan it beestige wêzen ôf, foarpoaten wurde hannen, efterpoaten wurde fuotten yn wite sokken. In swarte gestalte stiet skrúten yn é romte. In knûkelich swart pak, wat eartiids glêd en djoer wie, de strik skeef, it hier ferwaaid om ‘e holle….heit en ik moatte der beide om laitsje. De man dy’t hjir stiet sjocht der oandwaanlik ferheistere út.
Mar dan wurde wy stil. Ik sjoch heit oan as wol ik sizze: ‘Wa is dizze jongfeint?’ ‘Herbert jonge, ik hie nea tocht dy ea wer te sjen’, hear ik heit sizzen, wylst hy oereinspat en nei Herbert ta rint. De mannen skodzje inoar de hân, wylst myn moed fol sjit by de oanblik fan dit wûnder. Ik plof fan ‘e weromstuit werom op de stiennen tafel en bin der tsjûge fan, dat de mannen foar it eerst sûnt tíden, inoar wer yn ‘e eagen sjogge. Mar dizze kear wol mei iepen fizier…..lýk yn harren wêzen. Potdomme, hjir bart wat.

HERBERT:
‘Tjalling, ta beslút wol ik dy graach wat freegje en ek mýn ferhaal fertelle. Fynst dat goed, Tjalling?……. Ik sjoch dast knikst…..dankewol. It is my hiel wat wurdich. Ik haw myn mom ôfsmiten en wol myn ynsjoch, werom ik eartiids net doge woe, mei dy diele. Do binst myn neef, al drage wy net itselde DNA. Ik haw dy sear dien en dat spyt my.
Myn biologyske heit koe net fan my hâlde. Hy wie bot fereale op myn mem en fûn har ferskuorrende kreas. Mar sy hold net fan him. Sy hie har grutte leafde al fûn, mar spitichgenôch wie de man mei wa’t se har libben diele woe, al lokkich trout. Myn heit wie net hielendal suver op ‘e graat. Troch syn snoade aksjes wie hy goedryk wurden, wylst myn mem earmlestich wie. Hy koe dan ek net begripe, dat se net mei him trouwe woe. Hy, in knappe man mei jild, woe har rêde fan har minderweardige miljeu….hoe koe se dat no wegerje? En dat se net fan him hold, woe en koe hy net akseptearje.
Om’t myn heit net fan ophâlden wist, hat myn mem lang om let tajûn en binne se trout. Doe’t ik net lang dêrnei berne waard, koe mem net unbehindere fan my hâlde. Om’t se leaver in poppe krigen hie fan die oare man. Myn heit moest ek net folle fan my witte en wegere om my te sjen as syn soan. Hy suggerearre dat sy by harren trouwen al swier wie fan syn konkurrint! Mar ik like op him! Uterlik en ek kwa karakter. It selde sigeunerbloed streamde ek troch mýn ieren!
Doe’t myn mem stoar en syn mearke útinoar spatte, hat myn heit my nei it weeshûs brocht. Ek al wie ik noch mar in lytse poppe, ik haw de lilkens om de ôfwizing fan sawol heit as mem, sûnder erch, altyd mei my mei droegen. Fielde my bot bedondere.
En doe kaam ik by de Fokkema’s. Tjalling, ik hold wier fan dyn omke Pier en muoike Reintsje. As wienen se myn eigen âlden. Mar doe’t ik hearde dat ek sy tsjin my liigt hienen, waard it my swart foar de eagen. Fielde my as in ferwûne bist, dat elks momint de hiele bliksemse boel ferskuorre koe.
En sa wie der mear! Harren teloarstelling, om’t ik heit syn hynstehandel net oernimme woe. Ik koe dat ek hielendal net! Ik fielde my ek net passen yn jimme kultuer. Sa stief en strak. Sa grutsk. Alles moast ûnder it flierkleed. De kiel tichtskroeve, oer kwetsberheden fan de siel waard perfoast net praat. Nea sizze wêr’t it knypt…..ik hate dat. Nea ris út de bân springe: ik waard der gek fan. Jim líbben net!

Ik wie in smycht dy’t hieltyd wer de grinzen opsocht. It wie in grouwelik spultsje wurden. Hoe fier koe ik gean, wie de fraach. No, hiel fier. Ik gniizde my stikken, als Pier en Reintsje it eltse kear wer foar my opnamen. Mar no, hjir, yn myn nije bestean, wit ik dat ik it einliks útraasde: ‘Hâld my tsjin! Ho! Help my, skuor it masker fan myn gesicht, want sa giet it ferkeerd’.
Dan de dei fan it ûngemak. Ik haw altyd sein dat ik net âld wurde soe en sa stoar ik op deselde leeftiid as myn mem…. Yn it besef dat ik ien kear troch de koer falle soe, wie ik eangstich foar de takomst. Dy takomst foarsei net folle goeds. De minsken soenen op in dei myn wiere aard sjen en dan wie ik ferlen. Do begrypst, Tjalling, dat ik dêrom net sa oan it libben hong.
Op dy 17-de oktober wie ik hjir yn ien klap wei. Mar skrok fan wat ik dien hie! It fielde as wie ik noch op de ierde, mar tagelyk sweefde ik der boppe. Net ien dy’t mij seach. En wêr moast ik hinne? Ek doe’t ik efkes letter myn heit gewaar wurde, joech dat gjin treast. Ik wie hielendal fan ‘e kaart. Seach hoe grut de neiklap foar de efterbliuwers wie. Spyt, grutte spyt, mar ik koe net mear werom….
It spyt my, Tjalling. Dasto eartiids net mear mei my pratest. En dasto besocht hast my faker yn ‘e fûke rinne te litten, kin ik hiel goed begripe. Want foar dy wie ik in lús yn dyn pels. Ik haw dyn gefoel fan rjochtfeardigens tarte. En dy dyn omke ûtnommen.
No’t ik al salang yn it ljocht bin, begryp ik de dingen better. Haw in hiel skoft mei myn gefoel fan skuld wraksele. Lokkich koenen hjir, mei stipe fan myn heit, de unomkearbere saken op syn plak falle. En haw ik mysels ferjaan kinnen. En no myn fraach: Kinsto dat ek,Tjalling, kinst my ferjaan?’

Heit giet stean. Ik hear him sizzen: ‘Ja Herbert, dat kin ik’. Snúvend falle de mannen inoar yn ‘e earmen, der wurd hurd op rêgen slein. Ik prûst it út, fergriem my om dit kostelike tafriel. De prachtige ûntlading hat in komysk effekt op my. Efkes skamje ik my, mar tink dan: ‘Léve…litte wy leve en de stivens achter ús litte….’
In yntinse stilte saait del yn de keamer. Herbert sjocht nei my: ‘It is klear, Brecht. Sil ik dy efkes nei hûs begeliedzje?’. Yn in opwâling rint hy nei de tafel, as wie hy bang wat te ferjitten. Krast mei in roastige spiker syn inisjalen yn de hurde stien: ‘H.F.’
Ynienen stiet de swarte panter wer foar ús noas. Hy springt op de tafel en jowt ús kopkes as wie hy de leafste kat fan it nêst. Ik aai him troch in wale fan wetter hinne. Untlading, no ek foar my. Triennen falle del, in spoar ûntstiet, it sâlte wetter sipelt nei it kûltsje yn ‘e midden fan de tafel. As myn swarte kameraad it komke leech slobbere hat, fiele wij hoe skjin oan ‘e ein wy binne. It is ré.
Us foarhollen efkes tsjin elkoar oan wriuwe….sa nimme heit en ik ôfskied fan inoar. ‘Goeie heit, oant sjen’. As ik de stiennen keamer ferlit, sjoch ik noch ien kear om. Heit knypeaget nei my. It is goed. Wy binne frij. De swarte panter bringt my werom nei it plak, wêr’t ik in skoft lyn oankommen wie. De reis nei myn wente oan de mar begjint. It wetter nimt my mei nei boppen. En spuitet my prûstich de loft yn. ‘En no nei hûs do,’ hear ik immen sizzen.

Copyright Baukje Fennema, teater ITHAKA, maart 2016.