Libbensferhaal fan Sjirk Fopkes Fopma

Sjirk Fopkes Fopma wie de pake fan myn pake. Hy hie ien broer en twa susters.
Sjirk waard berne yn Wommels. Hy hie net in maklik libben. Doe’t hy 6 jier wie ferstoar syn mem. Syn heit troude doe’t Sjirk 9 jier wie foar de twadde kear; dizze frou stoar yn 1850. Njoggen moannen letter, Sjirk wie doe tolve jier, troude syn heit mei syn tredde frou.

Sjirk wie skipper op in fearskip dat farde yn it beurtfear fan Reduzum op Ljouwert en Snits vv.

Sjirk troude yn 1862 mei Baukje Lootsma. Sjirk en Baukje setten har yn Wommels ta wenjen; letter ferhuzen se nei Reduzum, it berteplak fan Baukje. Se krigen yn novimber 1863 in jonkje. 8 Dagen nei de berte fan dit jonkje, se neamden him Fopke nei de heit fan Sjirk, ferstoar Baukje. Lytse Fopke stoar net lang dêrnei, yn maart 1864.
Yn koarte tiid hie Sjirk dus syn frou en syn soantsje ferlern. Dat moat in grutte slach foar him west ha. Mar hy wrotte him der troch hinne en op 18 oktober 1865 troude hy mei Maaike Hoitinga. En it gong goed. Sjirk en Maaike krigen twa jonkjes: Fopke en Sipke (myn oerpake). Mar yn 1871 gong it blykber minder, want yn maart 1871 sette hy syn helte fan in skip te keap. Twa moannen letter wie der in boelguod fan in tal meubels, ûnder oare in bêd, stuollen, ierdewurk en klok.

En doe, twa jier letter, yn jannewaris 1873, sloech it needlot wer ta. Maaike, noch mar 29 jier, komt te ferstjerren. Sjirk bliuwt achter mei twa lytse bern: Fopke fan 7 en Sipke fan 3 jier âld.

Nei earst syn mem en in styfmem ferlern te hawwen en no twa kear syn frou en in soantsje, sil hy tocht ha dat it faaks earne oars better tahâlden wie. Miskien hie hy wol goede ferhalen heard fan guon dy’t him foargongen wiene.
Yn it befolkingsregister fan Idaarderadiel stiet nammentlik de opmerking dat hy yn augustus fan 1873 nei Amearika gongen wie.
Lykwols yn datselde befolkingsregister sit in bryfke út oktober 1873 fan de sekretary fan Utingeradiel oan de sekretary fan Idaarderadiel mei de fraach oft Sjirk by harren bekend is. Idaarderadiel antwurdet dat sy trochkrigen ha dat Sjirk net fierder as Liverpool kaam is en doe weromgien is nei Nederlân.
Syn beide soannen steane op dat stuit ynskreaun yn Reduzum, by harren pake Sipke, mar de âldste, dy’t net sa sterk is, wennet neffens de sekretary by syn pake Fopke yn Wommels.

It docht bliken dat Sjirk yn Akkrum oppakt is om’t yn ferbân oplichterij en stellerij. Hy wurdt feroardiele ta trije moannen iensume opsluting yn it hûs fan bewar fan It Hearrenfean. Yn febrewaris 1874 komt hy frij.
Yn april 1874 giet it lykwols wer mis: Sjirk wurdt wer feroardiele foar ‘oplichting twee malen gepleegd”. Hy wurdt feroardiele ta 20 moannen en wurdt nei it twadde gesticht fan Veenhuizen stjoerd. Dat wie yn dy jierren in wurkkamp.
Sjirk is 1 septimber 1876 fûn yn de Kolonievaart by Veenhuizen. Nei alle gedachten hat hy himsels tekoart dien.

Wylst binne syn beide soannen hiel ferskillend opbrocht.
Fopke, de âldste en swakste fan de twa, is skoalmaster wurden. Hy is letter nei Hollân ferhuze en hat dêr in famylje opboud. Fopke is opgroeid by syn pake Fopke yn Wommels. Fopke is yn 1919 ferstoarn.
Sipke is yn Reduzum bleaun en waard tsiismakker en fabryksarbeider en hat dêr syn famylje opboud. Sipke is opgroeid by syn pake Sipke yn Reduzum. Sipke is yn 1921 ferstoarn.
Hoewol’t se apart opgroeid binne, wie der noch wol kontakt tusken Fopke en Sipke. Ek no noch hat de neiteam fan beide manlju kontakt mei elkoar.

Tineke Fopma, 28 augustus 2015foto bij verhaal van Tineke