Krûp

Ach, ik soe safolle skriuwe wolle………..
Foaral om myn, te jong ferstoane broer noch in kear in poadium te jaan,( hjir stiest jong, op it ynternet in ûntwikkeling dy’st fantastysk fine soest!)
Of myn pake mei syn sniewite hier.
Myn neef dy’t te folle tinzen hie en foartiids in ein oan syn libben makke.
Hoe âlder ast wurdst, hoe grilliger dyn bosk. Mar ek kleuriger!

Us pake en beppe hiene in Daf. Grien, mei in Variomatic plaatsje der efterop. Dat wie sjiek, fûn ús pake.
Op freed blafte ús cocker spaniel om in oere as trije de hiele keet byinoar: pake en beppe rieden de strjitte yn . De hûn altyd enthousiast, ús pake net enthousiast oer de hûn. In bist yn de hûs en dan ek noch san flyberich bist, hy hie it der net op. Mar wêr’t hy wol fan genietsje koe, wiene myn trije freondinnen en ik. Wy sieten yn de 6e klasse en hiene in in klupke. Tûzen lytse flechtsjes yn it hier meitsje, klean fan krantepapier ûntwerpe, dan de dyk út te beltsje drukken, hy fûn it prachtich. (Dat wy ek skeane gedichtsjes skreauwen hat hy nea witten trouwes.)
Ik wie it âltste famke fan de pakesizzers en wenne ek noch yn it doarp, dat, ik hie in streekje foar. Doe it klupke der net mear wie gie ik op freed by pake en beppe te gersmeanen, even in boadskip dwaan en…medicynen helje, want pake wurde siik. Hokker sykte? Dat wurde doe ,ein 70-er , begjin 80-er jieren noch net by de namme neamt, mar slim wie it wol. Op in jûn brocht ik pake noch in krûp doe’t hy op bêd lei. Wat krûpte hy my ferskrikkelik stiif oan. As puber fûn ik dat súver in bytsje te.
Doe pake yn it sikehûs rekke, moest ús mem yn pake’s Daf mei beppe derhinne op besite.Se ried ferdory efterút it Variomatic plaatsje der ôf. Slim en net bêst!
Mar der wiene slimmere dingen, want siik wie dus kanker. En pake kaam thús om net wer fan it bêd te kommen.
Ta oan it einde kaam ik by him en in krûp wie net mear te stiif. “Ik gean fuort en wol dy net misse” sei dy krûp.
Dach Pake, in dikke krûp werom.