Jan en Tine Hiemstra út De Puollen

Ynterview mei Henny Hiemstra oer har âlders Jan en Tine Hiemstra út De Puollen.

Jan en Tine hawwe mekoar brieven skreaun yn de perioade 1941 en 1942. In koart libbensferhaal, de troufoto en in oantal brieven binne opnommen yn it boek ‘Alde Leafde, Leafdesbrieven 1940-1975’. It petear is mei Miranda Werkman fan Omrop Fryslân, dy’t ek de opname fersoarge hawwe.

Alde Leafde bestiet út in tsiental briefwikselingen, skreaun tusken 1941 en 1971 troch minsken út ferskate plakken yn de provinsje. De bondel giet oer âlde leafde, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. De brieven binne oanfolle mei in autentike troufoto fan de tsien troude pearen en in koart libbensferhaal.

Dizze en oare leafdesferhalen komme út it boek Alde Leafde.