In opfolger……

Gestommel op’e souder. It lûd fan doazen dy ferskowe, in kreakjende plankeflier. Dan twa fuotten dy hâldfêst sykje op de smelle treden fan in vlizo-trep. De âld man hImet fan ynspanning. Fuotsje foar fuotsje nei ûnderen oan’t er wer feilich op de oerloop stiet. Hy sykhellet ferromme, faget mei in bûsdoek it swit fan de foarholle. Noch in trep nei ûnderen en dan stiet er wer yn de wenkeamer fan it lytse húske. Hy draacht in koffer dy er foarsichtich op’e tafel set. It is in âlde, brune, koffer. Skurf en yndûkt fan de ûntelbere reizen dy’t er makke hat.
Mei in klik-klik giet it deksel iepen. In glimke. Dêr leit in wrâld fol oantinkens foar him: in spul kaarten, in sulverkleurige koker, in read doekje, trije lytse baltsjes, in gûchelstok, in glimmend houten kistke mei gatten deryn. Noch in program fan in optreden, in fergiele kranteknipsel wêryn sprutsen wurdt oer “den magische kunsten van den goochelaar”. Mear as fjirtich jier hat er op de planken stien. As gûcheler, ylluzjonist, bûksprekker en poppekastspiler. Hy hie sukses hân, oeral west, bekend wurden as “professor Bergini”.
Tsien jier lyn wie de koffer op’e souder bedare. Sûnt de dea fan syn frou en grutte leafde Sip , hie er der gjin nocht mear oan hân. Oan de foarstellingen. Noch ien kear hie er it besocht. In gûchelfoarstelling foar kunde dy fyftich jier troud wiene en sa graach woene dat harren âlde freon nochris syn keunsten fertoane soe. Doe fernaam er it. De linichheid yn syn lange, slanke fingers wie der net mear. Doe de lêste truc net hielendal goed gie wie it beslút fallen: gjin optredens mear. Dan skrikt er op út syn tinzen: “hoe let is it?” Hy sjocht op de klok. Dy slacht hast trije oere. “Opsjitte, de jonge komt sa……..”
“Wat soest derfan fine as pake dy gûcheljen leart” hie er de jonge frege doe dy in kear op besite wie. “Ik ha it fak ek leart fan myn pake. Do hast lange, slanke fingers lykas my. Miskien hast wol talint”. Wat wie er bliid west doe de jonge “jawol” knikt hie. De skiednis soe him werhelje. It fak soe trochjûn wurde fan pake op pakesizzer……. In opfolger!
De bûtendoar wurdt tichtklapt. De keamerdoar giet iepen. “Goeie pake, dêr wie ik al”. Syn fiiftienjieriche pakesizzer stapt de keamer yn. In lange, wat ferlegene jonge mei it selde kroltsjehier as dat syn pake eartiids ek hie. “Hy liket op my” tinkt de âld man grutsk. “Moai datst der bist jonge. Ik ha alles klear setten, kom gau sitten, dan begjinne wy mei de earste les.”
De middei fljocht om. Pake docht de trucjes foar, de jonge docht it nei. “Oernij, ik sjoch watst dochst. Oernij! Net goed. Nochris….”Pake is wól strang” tinkt de jonge. Hoe fûl as er syn bêst ek docht, it is net gau goed. Om goed fiif oere giet er stean. “ Ik moat no nei hûs pake. Jûn wer fuotbaltraine sjoch.” “Elke dei oefenje” ropt er de jonge yn’e doar noch nei. “Oan’t nije wike!” De lessen dogge de âld man goed. Hy fleuret der fan op, hy sjocht nei de woansdeitemiddeis út. Aanst in opfolger……..
Seis wiken letter. “Pake?”. De jonge stapt de keamer yn . Dêr bliuwt er wat ûnhandich stean. “Ah dêr wiest al, moai datst der bist. No, gau de jas út, dan gean we los”. De jonge bliuwt stean, ferlegen, de jas hâldt er oan. En dan –wylst er de jonge oansjocht- wyt er it. Hy wyt wat der komme sil…..”Ik wol net mear pake” stammert de jonge. “Mem seit dat ik it pake earlik sizze moat. Ik fyn dy trucjes leare wol aardich, mar ik wol net optrede…..dat is neat foar my pake….Ik wol dat net…Ik wyt dat pake sa graach in opfolger ha woe…It spyt my…”
Fansels hie er neat blike litten. Wurden sein as “hinderet neat jonge…..net slim”. Sichtber ferromme wie de jonge ôfsetten. “Ik kom gau wer is del hear!” En fuort wie er.
Gestommel op’e souder. It lûd fan de kreakjende plankeflier. De koffer wurdt wer yn syn fertroude hoekje setten. De lange fingers streakje noch ien kear leafdefol oer it deksel. “Dit wie de lêste kâns, myn freon, de lêste kâns…..” flústeret er. “Gjin opfolger……” De koffer komt nea wer fan syn plak.
Pake hat de koffer net trochjaan kinnen, mar syn artystebloed ál! It streamt ek troch myn ieren. Wat soe er grutsk west ha……