Famyljeferhalen mei ferve

It wie in skeppend feestje ôfrûne woansdeitejûn 9 desember by my-Vera Damhuis- op’e ‘boppeseal’ fan it Skaverij Atelier-Grou :-) ! Yn it ramt fan Tryaters ‘in bosk fan minsken’ kamen moaie ferhalen los n.a.f. de meibrochte foarwerpen. By 7 minsken kaam de tas iepen en rûgelden de ferhalen keppele oan op it each gewoane skaaltsjes ,kopkes en in blomkeskelk oan ien tried wei troch. Owikseljend laken we derom en foelen ek stil by sokiets as in rûpelich knyntsje. En hoe moai it is as je fertelle kinne oer in dropkepot -dy’t ik seach as in pot mei in stikken deksel-,mar wer’t de fertelster yn eigen famyljerûnte it waarme bad fan werkenning treft. Oanrieder: do sits noait om in start gesprek ferlegen asto de waarme custard sierder op’e tafel setst fan oerbeppe. Of it bûterfetsje ark- in krûme hammer fan pake- , in keal knuffele koesknyn …in hoefizer…allegear unyke ferhalen. Dy labeltsjes fan in hiel ferneamd merk theepûdsjes kinne wol wer retour: hingje dêr mar in âld famyljestik oan…meinammen de kommende feestlike famyljedagen 😉
In pear aksjefoto’s : mei Janneke Wegman, Grietje Deinum, Jildou Tjoelker+ 4 minsken mear…! Ik fûn it tige bisûnder dat op in woansdeitejûn yn desember in oantal- foar elkoar ûnbekende minsken-, sa bilutsen oer it meibrochte materiaal, noflik útein setten mei harren opdracht yn akrylferve op in mdf panieltsje.