Famyljeferhaal

Lykje ik no wier op myn famylje? Of tínk ik dat ik bepaalde eigenskippen fan beppe ha en fan heit en dat der in parallel leit mei myn nicht. En myn oare nicht. Sit dat no wier yn de genen? Of wol ik dat graach sjen, mar binne al dy trekjes gewoan minsklik? Myn buorfrou hat miskien ek wol eigenskippen dy’t ik ha. En toch, ik sjoch myn famylje net hiel faak, mar de bining is der wol. Hat in minsk dy bining, dy spegel nedich om ‘m sels better te begripen? Miskien ha we dy wissichheid nedich om te witten, of better, te fielen dat we net allinne binne, mar diel binne fan in grutter gehiel. As ik fan dat perspektyf út sjoch nei mysels as yndividu, dan koesterje ik bepaalde eigenskippen, en oaren besykje ik fan my ôf te goaien. Sa krearje ik myn eigen universum en lis ik de kiem foar de wrâld fan myn bern.