Beitske 27

Beitske 27
Us heit fokte sa tusken 1982 en 2004 mei wite geiten. De earste geit, Beitske 1 kocht er fan Van der Meer, dy’t in stjepke mei in reiden tek, oan it Van Harinxmakanaal hiene. De geit wie ferneamd nei de boerinne, Beitske van der Meer. Dat wie in ynleave frou. As bern diene we gauris fjildtochten mei ús klup ‘De trochsetters’. We hienen proviand mei en koenen sa oeren ûnderweis wêze. Sa bedarren we ek wol ris by it kanaal. Foar ús gefoel wie ‘It kanaal’ sawat it ein fan ’e wrâld. Beitske die de doar iepen en frege oft wy ek in bakje tee ha woenen. Fansels wol mei in koekje derby! De sfear yn ’e hûs wie bysûnder. In pear jier letter. It tongere. Wy, myn broer en ik, leine al op bêd en waarden wekker. Wy gnúfden troch it souderfinster nei bûten en hearden in hurde droege klap. Boppe it kanaal seagen wy hoe’t it fjoer har fûst krôle en as in lilke bal troch de loft rôle. It fjoer sette har tosken yn it reid, flammen frieten troch it tek en slynden fan ’e bynten. De oare moarns wie de stjelp hielendal oppluze…
Beitske 5 wie in geit mei in fraai eksterieur en joech in soad knappe neikommelingen, lykas Beitske 18 en 19. Klaas Sjoerd Meekma buorke ûnder Deinum en dêr stuts ús heit gauris syn ljocht op. At de geiten ‘driftich’ wiene gie er nei him ta. Der rûnen ek Beitskes by him yn ‘e stâl om. De Merilla’s (nammen fan ’e bokken dêr’t Klaas Sjoerd mei fokte) hienen in eigen boks en stonken, at se pystich wiene, in oere yn ’e wyn. Guon miigden de eigen sik derûnder. Us heit skôge de bisten hiel kritysk. Hy hold fan geiten mei ynhâld, sterke poaten en in knap jaar en Klaas Sjoerd koe him in soad fertelle oer it laach hja útkamen en oer de prestaasjes fan it neiteam.
Op in stuit woe ús heit wat oar bloed yn ’e fokkerij en krige er in oester fan in geit, in hiel eigensinnich bist; Beitske 27, mei twa klokjes en in deftige sik. De oeren stiene der bryk ûnder mar dat mocht der hinne bruie. Beitske 27 wie in wier produksjemeunster. Us heit molk har fansels twa kear deis en at de meunsteropnimmer delkaam ferwende er de geit ekstra. Sy wie net ‘moeders mooiste’ mar liet har altyd moai sjen. It bist wie fotosjenyk; sjoch mar op ’e foto! It wie útsoarte in ‘alfa’ geit. Nijsgjirrich, parmantich en dwers foar de kop. Der siet Frânsk bloed yn (krusing Frânske mem en Merilla Abe). De geit koe frette as gjin oar en friet it biks fan har healsuster altyd op. Sy woe ekstra oandacht fan it baaske. At sy dat net krige begûn se te mêkjen of luts se it ljochtblauwe mûtske, dat ús mem breide hie, fan heits holle ôf.
Us heit wie wiis mei alle geiten en behannele se as syn bern. Hy hie koarte petearen mei se, harke ek nei de geit. “Hoe is it no, stil mar beestje, braaf bist, wat is der mei dy, fertel it mar, grouwe opdonder, lytse dwerskop” en mear fan sokke útspraken. De geiten joegen him krêft en enerzjy. Us heit hie in slimme sykte ûnder de lidden (sykte fan Wegener) en hie der in soad lest fan. Mar it wie gjin kleier. Nea. In hichtepunt wie dat Beitske 27 yn 2000/2001 boppe-oan kaam te stean yn ’e lanlike top 100 fan geiten mei produksje en eksterieur. Dêr wie ús heit wakker grutsk op.

Elmar Kuiper