Al dat ark.

“Do bist myn dochter.”

Myn heit is timmerman. Fan hûs út. Letter hat er in oar berop keazen.
Mar hout is syn passy. En ik kom der achter dat ik dat diel mei him.
It is net allinnich hout. It is mear. It is ark, de leafde foar it meitsjen fan wat hy foar eagen hat. Ik fiel dat ik dat ek ha.

Op in dei haw ik foto’s makke. Yn e garage, wêr al it ark leit. Elk laatsje haw ik iepen lûkt. De skroefkes, de boutsjes, de skaafkes, al dat ark, al dat hout, it is syn libben. Wat sen eagen sjogge, meitsje syn hannen.

Ik ha in fotoboek makke. Mei lytse ferhaaltsjes, omdat de foto’s foar harsels sprekke. Doe hy it seach, wie er rekke. Hy sei: “Do bist myn dochter.” Doe wie ik rekke. Der wie ferbining. Yn in bosk van minsken.